In machtich moaie dei
Wolkom

Dielnimmers
Standhâlders
Smaakplein

Aktiviteiten
Muzyk mei Publyk
Freark Smink
Skûtsje fan Wâldsein
Workshops en lêzings
Korneliske Ykes ll
Publyk op de Kyk

Preamfarre wylst Mindert Wijnstra fertelt
Eelke Lok feilt âlderwetske grientes en fruit
Kuier troch Wâldsein

Húshâldelyk
Dielnimmers en yndieling
Plattegrûn Driuwpôlle
Programmaboekje
Rûte en parkeare

Sponsors
Provinsje Fryslân
Stichting Woudsend Anno 1816

 

Wolkom oan board fan de Korneliske Ykes ll


Op it Histoarysk Festival Súdwest hawwe jo de kâns de Korneliske Ykes II te besjen. In machtich skip dat ferline jier te wetter litten is. It is in rekonstruksje fan in houten ielaak sa as dy froeger op Engelân farde. Ielaken sa as de Korneliske Ykes wiene spesjaal ûntwikkele foar it befarren fan de see. Mei iepen búnnen farden de minsken mei sa’n skip nei Londen om der de iel te ferkeapjen. Yn de maaitiid waard yn de Eastseelannen de ynkochte iel ophelle. Foaral de famylje Visser út Heech hat lange tiid in goed rinnend bedriuw hân en folle minsken yn de doarpen Heech, de Gaastmar en Warkum fertsjinnen in goed stik bôle. De ielaken binne yn gebrûk west fan de 17e ieu ôf en oant yn it begjin fan de 20ste ieu.
De Korneliske Ykes II faart sûnt 2009 mei selskippen oant 12 persoanen.
www.palingaak.nl