In machtich moaie dei
Wolkom
Dielnimmers
Standhâlders
Smaakplein
Aktiviteiten
Muzyk mei Publyk
Freark Smink
Skûtsje fan Wâldsein
Workshops en lêzings
Korneliske Ykes ll
Publyk op de Kyk
Preamfarre wylst Mindert Wijnstra fertelt
Eelke Lok feilt âlderwetske grientes en fruit
Kuier troch Wâldsein
Húshâldelyk
Dielnimmers en yndieling
Plattegrûn Driuwpôlle
Programmaboekje
Rûte en parkeare
Sponsors
Provinsje Fryslân
Stichting Woudsend Anno 1816
10.00 oere: Iepening troch door Froukje Hernamdt, Douwe Zondervan en Alice Booij
As foarsitter fan de stjoergroep bin ik der wiis mei dat dit gearwurkingsprojekt fan sân dielnimmende gemeenten de skiednis fan it gebiet sa ticht by ús ynwenners bringt. Op 25 septimber 2010 bart dat mei it Histoarysk Festival Súdwest. Sa’n fjirtich ferienings, ûndersikers, museums, ynstellings en ek de gemeente-argiven litte har skatten fan froeger sjen én belibje. Ik bin der wis fan dat de besikers in soad nijsgjirrige saken sjogge en in protte wille ha sille.
De Stichting Historische Kring Woudsend wol eltsenien graach fan herte wolkom hite op it Histoarysk Festival Súdwest. Yn Wâldsein is der op 25 septimber 2010 foar eltsenien genôch te belibjen, sawol foar de âlderen as foar de bern. As gasthear binne wy der grutsk op dat it Festival hjir hâlden wurdt en wy wolle alle frijwilligers fan Wâldsein dan ek tankje foar harren ynset en meiwurking. It is net neat wat hjir allegear oan wurk fersetten is, mar it resultaat is dan ek in machtich moai festival! Noch in tip: yn ús doarp falt ek fan alles te sjen en tebelibjen wat histoarje oanbelanget, ferjit dus net ek in kuierke te meitsjen en op ûndersyk út te gean.
It is safier! It Histoarysk Festival Súdwest giet los. Troch in goede gearwurking mei de Stichting Historische Kring Woudsend en it entûsjasme fan in pear hûndert sneupers, ûndersikers, bestjoerders en frijwilligers fan ferienings of minsken dy’t fanwegen harren berop mei skiednis dwaande wêze meie, stiet histoarje yn de Súdwesthoeke hjoed sintraal. Troch dizze meiwurking koe der in fol programma gearstald wurde en kinne de besikers folop genietsje fan froeger. Ik hoopje op in hiele soad tefreden besikers, dat soe it moaiste komplimint wêze foar de dielnimmers.