In machtich moaie dei
Wolkom

Dielnimmers
Standhâlders
Smaakplein

Aktiviteiten
Muzyk mei Publyk
Freark Smink
Skûtsje fan Wâldsein
Workshops en lêzings
Korneliske Ykes ll
Publyk op de Kyk

Preamfarre wylst Mindert Wijnstra fertelt
Eelke Lok feilt âlderwetske grientes en fruit
Kuier troch Wâldsein

Húshâldelyk
Dielnimmers en yndieling
Plattegrûn Driuwpôlle
Programmaboekje
Rûte en parkeare

Sponsors
Provinsje Fryslân
Stichting Woudsend Anno 1816

 

Smaakplein

It Smaakplein is ûnderdiel fan de ‘Week van de Smaak 2010’, in lanlik evenemint foar de promoasje fan (h)earlike streekeigen en duorsume produkten. Dit jier is ‘Smaakfruit’ it tema fan de ‘Week van de Smaak’

ALDERWETSKE SMAKEN

Lekker Wâldsein

Op it Smaakplein yn de Sportseal kinne jo priuwe fan wat de bakker en koks út Wâldsein makke ha.
Alderwetsk lekker smûzje fan hapkes dy’t klearmakke binne mei moal fan mole ‘t Lam yn Wâldsein, streekeigen produkten, ferjitten griente en lekker fruit.
www.aocfriesland.nl/weekvandesmaak

Stichting Fruit Yn Fryslân

By de Stichting Fruit Yn Fryslân kinne jo alles te witten komme oer âlde fruitrassen.
Faaks geane jo nei hûs mei in Fryskappelbeamke?
Wienen jo altyt al benijd fan hokfoar ras dy fruitbeam by jo yn de tún is?
Nim wat fruit fan beam mei en it moat al raar gean as jo der by Fruit Yn Fryslân net efter komme!

‘Friese Liefde’ - iten siede mei streekprodukten

Meiwurkers fan AOC Friesland stean op it Smaakplein mei it itensiedersboek ‘Friese Liefde - koken met streekproducten’.

Griente en fruit priuwe en fiele foar skoallebern

Presintaasje fan it programma ‘Smaaklessen voor basisschoolkinderen’.
In soad bern witte tsjinwurdich net mear wêr’ t harren iten wei komt of hoe’t griente en fruit eartiids smakke. By dizze kream kinne hja fiele oan en priuwe fan echte griente en fruit. En... wat is ferjitten griente?