Standhâlders
Mear as tritich standhâlders litte yn de Sportseal sjen wat se yn’e hûs hawwe op it mêd fan de histoarje fan de Súdwesthoeke.
Der is in grut ferskaat oan wat je sjen kinne. Fan autobus ta sikehûs, fan gemeente-argiven ta ark en reau, fan ferieningen oan’t museums, fan films en foto’s oan’t skaalmodellen en dokuminten, fan digitalisearingsprojekten oan’t partikuliere kolleksjes.
1. Fryske Kanon
De Fryske kanon beskriuwt yn 11 en 30 finsters wichtige en typearjende persoanen en barrens út de skiednis fan Fryslân fan 3400 foar Kristus oant en mei 1981. Der komt fan alles foarby: it ûntstean fan ús provinsje, de earste bewenners, de Midsieuwen, terpen, Romeinen, keningen, kleasters, de Fryske frijheid, Grutte Pier en gean sa mar troch.
Der is fansels in boek makke fan de Fryske Kanon, dat yn’e boekhannel te keap is. Mei Freark Smink yn’e haadrol hat Omrop Fryslân skoalletillevyzje fan ferskate finsters programma’s makke. Dy binne fansels útstjoerd op’e tillevyzje, mar jo kinne se ek op DVD keapje.
www.11en30.nu
2. Autobus Documentatie Vereniging, ôfdieling Noard
De Autobus Documentatie Vereniging is in lanlike feriening foar minsken mei ynteresse foar autobusferfier. De A.D.V. besiket safolle mooglik dokumintaasje oer it busferfier fan hjoed de dei en fan earder te bewarjen. De leden kinne gebrûk meitsje fan ferskate ‘tsjinsten’ fan de feriening. Der is in grutte kolleksje tsjinstregelings, de A.D.V. beheart in soad foto’s fan autobussen, der is in kranteknipselargyf en in argyf foar de ferskate autobusfergunnings.
De buskaartsjes wurde ek bewarre en der is in oersjoch fan hokker bussen by hokker bedriuw riden hawwe. Natuerlik wol elkenien mei in hobby in oar graach moetsje en mear witte. Trije ôfdielings yn it lân jouwe dizze mooglikheid:
de ôfdieling Noard, Oast en West.
Ôfdieling Noard, foar hiel Noard Nederlân, is presint op it Histoarysk Festival Súdwest yn Wâldsein.
A.C. Timmer, Wouwstraat 46, 9404 BW Assen, 0592 - 300427
3. Melle van der Goot oer âlde busmaatskippijen
Melle van der Goot hat in bysûndere kolleksje oer âlde Fryske autobussen. Hy sammelt al jierren fan alles wat mei it busbedriuw de Zuidwesthoek (ZWH) te krijen hat. De ZWH busmaatskippij hat syn ‘roots’ yn de Balkster EBA en gie yn 1974 op yn de FRAM. De ZWHbussen hienen in typiske sêftgiele kleur. Van der Goot hat sels in modeltsje boud fan sa’n ZWH bus en hat der ek in boek oer skreaun.
Yntusken is syn samling útwreide mei Fryske busbedriuwen as NTM, LAB, LaBo, NOF, VEON en Noordnet mei Arriva. Yn syn stand lit hy nijsgjirrige foarwerpen, foto’s en dokuminten sjen fan dizze busmaatskippijen.
M.C. van der Goot, Jan Jurjenssingel 1, 8564 HB Ruigahuizen, 06 40 19 95 73.
4. Koninklijke Nederlands Heidemaatschappij
De Koninklijke Nederlandse Heidemaatschappij stipet minsken dy’t harren buert, wyk of streek ferbetterje wolle. It giet dêrby om projekten fan boargers, frijwilligersorganisaasjes en ideële organisaasjes.Dizze projekten rjochtsje harren op aktyf boargerskip, plattelânsfernijing en wetter. KNHM helpt by it realisearjen fan dizze projekten troch kennis, jild en in grut netwurk beskikber te stellen.
Op it Histoarysk Festival Súdwest kinne jo je ynformearje litte oer de mooglikheden foar ûndersteuning troch de KNHM.
www.knhm.nl
5. AFRON
De Fryske feriening foar histoaryske lânbou AFRON, wat stiet foar ‘Agrarisch Friesland Oud en Nieuw’, is yn 1984 oprjochte. Har wichtichste doelstelling is it sammeljen, it bewarjen, it registrearjen en it eksposearjen fan âlde agraryske wurktugen, âld ark en dokumintaasjemateriaal fan partikulieren en organisaasjes. As ûnôfhinklike feriening hopet se yn Fryslân in stimulearjende en koördinearjende rol te ferfoljen. Ek de lânboumusea yn Fryslân (Feankleaster, Earnewâld, Damwâld, Makkingea, Berltsum, Sondel en Wommels) binne lid en wurkje mei de AFRON gear oan eksposysjes en publikaasjes.
Op it Histoarysk Festival Súdwest sille se in pear lytse stikjes ark sjen litte fan leden en fierders de publikaasjes dy’t de AFRON yn ‘e rin fan ‘e jierren útjûn hat. Ek ha se dan in trochrinnende presintaasje fan foto’s fan lânbou-ark wêr’t men eartiids mei wurke.
www.afron.nl
6. Súvelmuseum It Tsiispakhús
It Tsiispakhús yn Wommels is 8 maaie dit jier opnij iepene. De eksposysje fan de Slachtedyk is fuort en hat plak makke foar in fêste suveleksposysje. It bestjoer fan it museum hat besluten om ek elts jier in wikseljende tentoanstelling te pleatsen fan keunstners út de Greidhoeke. No stiet it wurk fan Martin Sijbesma útstald. De suveleksposysje giet oer de histoarje fan de suvelyndustry yn de gemeenten Baarderadeel en Hennaarderadeel, it gebiet wat no de gemeente Littenseradiel foarmet. Oan de hân fan seis âlde skoalplaten nimt it museum de besikers mei op de wei dy de molke ôfleit fan it jaar fan de ko oant de tsiis. Dit bart mei behelp fan âlde foto’s, oarkonden, tsjernen, in tsiisslide en âlde films. In pear fan dizze attributen binne ek te bewûnderjen yn de stand fan Súvelmuseum It Tsiispakhús.
www.tsiispakhus.nl
7. Uniastate Bears
Uniastate Bears bestiet út trije besûndere kultuerhistoaryske ûnderfinings. Yn it foarste plak is dêr de Loftspegeling fan de âlde state, fierders de noch hieltiten orizjinele Poarte en dan noch de tsjerke fan Bears. It besikerssintrum fan de stifting Tsjerke en Uniastate Bears hat in besûnder tsjerke-ynterieur.
Fierders is der in trochrinnende tentoanstelling te sjen fan Staten en Stinzen yn Fryslân en kinne jo gebrûk meitsje fan de mediateek. Dêrneist is Uniastate in moaie troulokaasje. Fanút Uniastate wurde ek eveneminten, foarstellings en eksposysjes organissearre.
www.uniastatebears.nl
8. Stichting Historie Wiuwert - Britswert
Wiuwert en Britswert lizze midden yn it âldst bewenne terpegebiet fan Fryslân, dat it tilt dêr op fan histoarje! Wiuwert hat ek nochris in bekende namme fanwege de mummy’s dy’t dêr lizze yn in grêfkelder ûnder it alter fan de tsjerke. Op it Histoarysk Festival lit de Historie Wiuwert en Britswert sjen wat de stifting docht oan aktiviteiten op it mêd fan lokale skiednis.
Y. Dijkstra, Buorren 14, 8636 VA Britswert, 058 - 2501492.
9. Stifting ArgHis
ArgHis is de namme fan it argeologysk en histoarysk wurkferbân yn de gemeente Littenseradiel. ArgHis bestiet út in bestjoer en sa’n 130 donateurs. Der wurde lêzings en ekskurzjes organisearre op it mêd fan argeology. Dêrnjonken jouwe sy it blêd Klaaiklúten út wêr’t artikels yn stean oer wat der yn it ferline bard is yn Littenseradiel.
Yn de Driuwpôlle jout ArgHis yn in fitrine in oersjoch fan wat der fûn is yn de gemeente Littenseradiel en wat dat betsjut foar wat we witte oer de eardere bewenning yn it gebiet tusken Slachte en Swette.
Ek kinne jo foarwerpen sjen dy’t by opgravings fûn binne. Fierders binne der ferskate nûmers fan Klaaiklúten yn te sjen.
Stifting ArgHis, Terp 11, 8831 ZG Winsum
10. Stichting Bolswards Historie
De Stichting Bolwards Historie is oprjochte yn 1952 en hat al ferskeidene doelen berikt. Sa hat de stichting âlde gebouwen yn Boalsert opkocht en foar restauraasje soarge. Op dizze wize binne ferskate histoaryske eleminten yn de stêd behâlden. Ek hat SBH in Oudheidskeamer oprjochte yn it stedhûs fan Boalsert. Sûnt 1985 rikket SBH, as it kin elts jier, in ‘wurdearringstegel' út oan in partikulier dy't nei it oardiel fan de stichting de moaist slagge restauraasje of renovaasje útfierd hat oan syn of har eigen wenning. Troch sokke restauraasjes wurdt it histoarysk stedsbyld opkreaze en dat is fansels ek de bedoeling.
De stichting hat in wurkgroep dy’t de argiven fan de stichting ynscant en derfoar in digitaal argyf oanleit en sa feilich stelt foar ferlies.
www.stichtingbolswardshistorie.nl
11. Stichting Historische Kring Woudsend
De Stichting Historische Kring Woudsend is yn 2007 begûn as wurkgroep en hat as doel de skiednis fan Wâldsein te ûndersykjen, fêst te lizzen en foar eltsenien tagonklik te meitsjen. Dit troch it opspoaren, sammeljen en rubrisearjen fan histoaryske ynformaasje. Ek de herinnerings en ferhalen fan (âld-) doarpsgenoaten wurde fêstlein.
Op it Histoarysk Festival Súdwest lit de SHKW de histoarje sjen fan de molen yn Wâldsein. Der binne noch twa wurkjende molen, nôtmole ‘t Lam mei in beropsmoolner, dy’t moal oan ferskeidene bakkers levert, en houtseachmole De Jager, wêr’t frijwilligers sneons oant seagjen binne. Mar ek fan de skiednis fan de ferdwûne houtseachmole De Hoop is wat te sjen. De molen ‘t Lam en De Jager binne op alle sneonen iepen dus ek op 25 septimber!
De nôtmole ‘t Lam levert hjoed de dei sels noch moal oan ferskeidene bakkers. Jim kinne dizze mole dus yn wurking sjen. Ek kinne jim dêr moal keapje om thús te bakken.
Siemon de Vries, A.H. Trompstrjitte 18, 8551 NV Woudsend, 0514 - 591951.
12. Stichting Ald Makkum - Histoarysk Wurkferbân Wûnseradiel - Museum De Waag
Ut Makkum is de aktive Stichting Ald Makkum presint, tegearre mei it noch mar krekt yn it libben roppen Histoarysk Wurkferbân Wûnseradiel en it Museum de Waag. Ald Makkum toant har wize fan argivearjen mei in database en it Histoarysk Wurkferbân lit de nije webside sjen. Museum De Waag komt dit jier mei in (earstoan) beskieden fêste fiskerijútstalling yn it waachgebou en ek dêrfan krije jo as besiker wat te sjen. De namme jout al oan dat dit museum fêstige is yn de âlde waach fan Makkum. Hjiryn hat, hiel tapaslik, ek de stichting Ald Makkum syn ûnderkommen.
O. Gielstra, 0515 - 230670.
13. Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân
It Histoarysk Wurkferbân hat as doel de skiednis fan Gaasterlân te bestudearjen en de kennis dêroer te fersprieden en te befoarderjen. Under Gaasterlân wurdt ferstien de geologyske streek fan it Reade Klif oant Spannenburg en fan de Wâlde oant Tacosyl. Twa kear yn’t jier komt der in tiidskrift ‘fan Klif en Gaast’ út mei nijsgjirrige artikels oer de histoarje fan Gaasterlân. Ek wurde der in pear kear yn it jier lêzings organisearre.
Sietske Dijkstra-Linzel, Meerweg 8, 8561 AT Balk, 0514 – 602299
14. Vereniging Historisch Sneek
De Vereniging Historisch Sneek (VHS) is oprjochte op 1 septimber 1998 en hat ûngefear 900 leden. It doel fan de feriening, dy’t draait troch de ynset fan frijwilligers, is it sammeljen, ynventarisearjen en fêstlizzen fan histoaryske gegevens oer Snits en omjouwing. Fjouwer kear yn it jier wurd der in temajûn organisearre oer in histoarysk ûnderwerp. Der komme gauris sa’n 150 oant 200 minsken op ôf. Ek ferskynt fjouwer kear yn it jier it ferieningsblêd “De Waag”. Op it festival kinne jim yn’e kunde komme mei it argyfsysteem, de organisaasje fan it frijwilligerswurk en kinne jim foto- en filmmateriaal besjen. De VHS hat ek in wurkgroep argeology, dêr’t jo ek yn de kunde komme kinne tidens it Histoarysk Festival Súdwest.
www.vhsneek.nl
15. Foar de Neiteam
De Stichting Foar de Neiteam is yn 2003 oprjochte en hat as doel it fêstlizzen, dokumintearjen, sammeljen en oerdragen fan alles wat der te finen is op it mêd fan sylskippen, harren skippers, bouwers en tradysjes. It aksint leit no op de skûtsjes, harren histoarje en de wedstriden. De stichting wurket ûnder oare gear mei de skûtsje-organisaasjes SKS en IFKS. Derneist hâldt de stichting har dwaande mei it skriuwen fan boeken oer it skûtsjesilen, sa is der in Frysk-Nederlânsk skipperswurdboek Skipperstaal skreaun en is der in begjin makke mei de digitale ferwurking fan in grut histoarysk argyf, in samling fan de biografyske gegevens fan skûtsjehelden en is der in begjin makke mei de gearstalling fan in skûtsjehânboek foar de opliedings.
www.skutsjehistorie.nl
16. Stichting Nooitgedagt IJlst en Stichting Houtzaagmolen de Rat
Houtseachmole de Rat Oan de wâl fan de Geau, de ieuwenâlde farferbining tusken Drylts en Snits stiet de bysûndere houtseachmole “De Rat” dy’t noch folop yn produksje is. Beamstammen dy lizze te wetterjen, it gelûd fan de draaiende wjukken, it stampen fan de op en del geande seachramen, de geur fan farsk seage hout. Hjir ûnderfine jo noch it âlde houtseagersambacht sa as dat al trije ieuwen yn De Rat eltse dei útfierd wurdt. Tidens it festival wurdt der in lytse ympresje jûn fan it wurk fan de houtseachmole.
www.houtzaagmolenderat.nl Stichting Nooitgedagt IJlst De grutste reedmakker fan Drylst en miskien ek wol fan Nederlân, Nooitgedagt út Drylts. In ieu lang hat Nooitgedagt redens produsearre. De bekendheid fan Nooitgedagt is foaral ûntstien troch de produksje fan dizze redens, mar de redens wiene allinne mar in byprodukt. It wichtichste produkt fan Nooitgedagt wie it timmerark. Ek is der inkele desennia houten boartersguod makke. No is der troch de Stichting Nooitgedagt in ‘Doe- en kijk’-sintrum yn de âlde fabryk iepene. Op it festival sille sy guod út de kolleksje fan Nooitgedagt presintearje en is der oandacht foar it dokumintaasjemateriaal.
www.nooitgedagt-ijlst.nl
17. Houtboumuseum de Helling
Yn it wetterrike Fryslân fan it ferline gie it ferfier it bêste oer it wetter, dat faak hiel ûndjip wie. Der bestiene ferskeidene skipstypes foar de fiskerij, frachtfeart, hannel en ek persoaneferfier. Yn Heech waard ieuwenlang ûnder oare de ielaak boud. In 18 meter lang ikehouten platboaiem sylskip mei iepen bunnen dêr’t de libbene iel mei oer de see ferfierd waard. De ielhannel hat Heech en omjouwing lange tiid folle foarspoed levere. It museum bringt de ielhannel en de tradisjonele houten skipsbou werom nei de 21ste ieu.
www.dehelling.info
18. Stichting Oud Sneek
De Stichting Oud Sneek hâldt har dwaande mei it restaurearjen of it behâlden fan histoaryske gebouwen of objekten yn de gemeente Snits. Men kin sizze dat dizze stichting dêr de ôfrûne jierren aardich yn slagge is en it sjocht der foar de takomst nei út dat de stichting elts jier ynskeakele wurdt om de restauraasjes te begelieden. Op it Histoarysk Festival lit de Stichting Oud Sneek wat fan har wurk sjen.
www.oudsneek.nl
19. Fries Scheepvaart Miuseum
It Fries Scheepvaart Museum hat yn it museum in Wâldseinkeamer, mei ûnder oare beskildere behangen fan de molen en de skipswerf fan Ypekolsgea.
De hear Jaap Westerhof hat in fotokolleksje fan Wâldsein en ek dizze foto’s binne yn it kreamke te sjen tidens it Festival. Dêrneist kinne jo noch boaiemfynsten sjen fan Wâldsein en de Súdwesthoeke. Der wurde ek skilderijen en tekenings sjen litten fan de keunstner Ids Wiersma.
www.friesscheepvaartmuseum.nl
20. Netwerk Streekarchief Zuidwest Fryslân
Netwerk Streekarchief Zuidwest Fryslân is in gearwurkingsprojekt fan de gemeenten Boalsert, Gaasterlân-Sleat, Littenseradiel, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel. Dy wolle dat de histoaryske ynformaasje út harren gebiet mear ûnder de oandacht komt. NSZF set yn de seal fan de Driuwpôlle in saneamde ‘touchtable’ del, in soarte fan kompjûter dêr’t allegear âlde foto’s út it gebiet fan de sân gemeenten te sjen binne. Jo kinne de foto's oanreitsje, fergrutsje en draaie om se better te besjen.
21. Gerrit Zomer oer de Dryltser skriuwer Teerdze Eeltje Holtrop
Gerrit Zomer út Drylts hat in hiel soad ynformaasje garre oer de ferneamde Fryske skriuwer Teerdze Eeltje Holtrop (1875-1925). Yn it deistich libben wie Holtrop ûnderwizer yn syn wenplak, mar yn syn frije tiid wie er warber as sjoernalist en skriuwer. Syn novelle De Wylde Boerinne is ien fan de hichtepunten út de Fryske literatuer. De Wylde Boerinne krige sels ynternasjonale erkenning. Dêrneist hat er ferskate rymkes en lietsjes, gedichten en sonnetten, toanielstikken en ienakters skreaun. In man fan de pinne!
Gerrit Zomer, Mientlân 34, 8651 DC Drylts, 0515 – 532802
22. Nederlandse Genealogische Vereniging, afdeling Friesland
Op syk nei jo foarâlden? Of hawwe jo wat mei de skiednis fan de provinsje en/of har bewenners? Dan kinne jo telâne by de Nederlandse Genealogische Vereniging. De ôfdieling Fryslân is oprjochte yn 1978 en organisearret sûnt alderhanne aktiviteiten op it mêd fan genealogy en regionale skiednis. Op it Histoarysk Festival Súdwest litte minsken fan de ôfdieling Fryslân sjen hoe’t je ynformaasje fine kinne oer de foarâlden fan jo pakes en beppes en de plakken dêr’t hja tahâlden. Der lizze blanko kertierstaten. Dêrop kinne jo in begjin meitsje mei it systematysk opskriuwen fan ynformaasje oer jo foarâlden.
www.ngvfriesland.nl
23 en 24. Gemeente-argiven
De gemeente-argiven fan de gemeenten Boalsert, Littenseradiel, Gaasterlân-Sleat, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel hâlde in presintaasje mei-inoar. Dêr kinne jo de ynventarissen en nijsgjirrige âlde stikken fan de argiven fine. Dêrneist nimme se ek de gemeenteflaggen mei. Want fiif fan dizze flaggen sille oer in pear moanne net mear aktueel wêze. Dêrneist presintearje se op in skerm âlde films fan de gemeenten.
www.bolsward.nl,
www.littenseradiel.nl,
www.gaasterlan-sleat.nl,
www.nijefurd.nl,
www.sneek.nl,
www.wunseradiel.nl,
www.wymbritseradiel.nl
25. Pictura
Pictura stiet net samar mei in kream nêst dy fan de gemeente-argiven. Dit bedriuw út Heiloo hat foar ferskate gemeenten berte-, houliks- en ferstjêrakten ynscand út de perioade 1811 oant it midden fan de tweintichste ieu. Fia
www.allefriezen.nl kinne jo dy akten oanklikke en lêze. Nijsgjirrich! Sa kom je net allinnich efter bepaalde datums, mar kin je ek lêze wat foar berop de heiten fan de lytse berntsjes hiene of wat jo ferstoarne oerpake foar de kost die. Mei sokke gegevens kinne jo je stambeam wat mear oankleie. De akten kinne jo ek útprintsje of yn de kompjûter opslaan. Pictura lit sjen hoe’t dit allegear yn syn wurk giet.
www.pictura-im.nl en
www.allefriezen.nl
26. Biblioteken Súdwest Fryslân
De biblioteken fan Súdwest Fryslân meitsje jo bekend mei de Histoaryske Ynformaasje Punten fan de biblioteken. Dit binne romten yn de bibleteken dêr’t de minsken sykje kinne nei histoaryske ynformaasje. Ek wurdt der om de trije moanne in nije foarstelling pleatst mei eltse kear in oar histoarysk tema. It aksint leit op de lokale skiednis en de direkte omjouwing. Yn it kreamke kinne jo in presintaasje fine oer hoe’t jo ynformaasje op de kompjûter fan it Histoarysk Ynformaasje Punt opsykje kinne.
sudwest.ontdekdebieb.nl
27. Frysk Film Argyf
It Frysk Film Argyf beskermet sûnt oktober 1988 it audiofisuele erfguod fan Fryslân en makket histoaryske opnamen foar in breed publyk tagonklik. Dat kin troch bygelyks it oanfreegjen fan films mei in bepaald tema. Ek binne der films op de webside fan it argyf te besjen en is der spesjaal foar de bern fan de basisskoalle in film oer it ferline gearstald. It FFA ferlient ek meiwurking oan de tentoanstellings dy’t regelmjittich yn de Histoaryske Ynformaasje Punten yn biblioteken yn de Súdwesthoeke hâlden wurde. Mei oare wurden: as jo mear witte (en sjen) wolle fan beweegjende bylden út Fryslân, moatte jo by de stand fan it FFA wêze.
www.friesfilmarchief.nl
28. Alde Fryske Tsjerken
De Stichting Alde Fryske Tsjerken bestiet fjirtich jier. Yn dit jubileumjier is de stichting ekstra aktyf om har wurk ûnder de oandacht te bringen. SAFT wol foarkomme dat de âlde Fryske tsjerkjes ferdwine. Dy leaflike, boartlike, stoere of rûge sealtekjes en spitskes bepale ommers foar in wichtich part de ‘skyline’ yn it Fryske lânskip. Se binne der net út wei te tinken en wat soenen jo se misse as se der net mear wiene. De Stichting Alde Fryske Tsjerken hat op dit stuit 38 tsjerken en 1 klokkestoel yn besit. Dy moatte ûnderhâlden en restaurearre wurde en dêr is in protte jild foar nedich. Dêrom wurde der aktiviteiten op tou set dy’t jild yn it laadsje bringe. Op it Histoarysk Festival Súdwest kinne jo mear te witten komme oer it wurk fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken
www.aldefrysketsjerken.nl
29. Antonius Sikehûs
De Commissie Historie Antonius Ziekenhuis bestiet sûnt 2006. Oanlieding foar it ûntstean wie de minne steat fan it argyf fan it sikehûs. Oarsaken: in soad ynterne ferhuzings, rûmtetekoart, it nije plak oan de Bolswarderbaan, eksterne opslach fan materiaal en der wie gjinien foar it behear en de fersoarging fan it argyf. Fanwege de wichtige betsjutting fan it sikehûs foar de Súdwesthoeke fan Fryslân, woe de direksje graach dat dêryn ferbettering komme soe. Utgongspunt is it feilich stellen fan de foto’s en de dokuminten foar it neiteam. Dat bart op moderne wize, troch te digitalisearjen. Op dit stuit binne frijwilligers drok dwaande tsientûzenen negativen, foto’s en dokuminten te skénnen. It kerwei moat foar 2012 klear wêze en wurdt dan op ynternet presintearre. Tidens it festival kinne jo alfêst wat fan dit wurk sjen en fan de materialen dy’t yn it besit fan de kommisje kommen binne.
www.antonius-frl.nl
30. Wetterskip Fryslân
De argiven fan hast 500 wetterskippen út de perioade 1533 oant no, binne bewarre bleaun. Al dizze wetterskippen binne de foargongers fan Wetterskip Fryslân. Yn de argiven is ynformaasje te finen oer it wurk fan de wetterskippen, molen en diken. Mar ek oer de ferfeaning yn midden Fryslân. Yn it kreamke kinne jim argyfstikken, foto’s en foarwerpen sjen. Fierder sille der ynventarissen en boeken oer de skiednis fan de wetterskippen lizze, dêr’t in diel fan ek te keap is. De argivaris is oanwêzich om mooglike fragen te beäntwurdzjen.
www.wetterskipfryslan.nl
31. Basisskoallen Wâldsein
Learlingen fan de Bonifatiusskoalle en de Meester van der Brugskoalle hawwe in speurtocht troch Wâldsein hâlden. Mei help fan minsken fan de Stichting Historische Kring Woudsend giene hja op syk nei de skiednis fan harren doarp. Om 14.15 wurdt bekend makke wat de speurtocht oplevere hat.
www.bonifatiuswoudsend.nl en www.mrvdbrugschool.nl