Workshops en lêzings
Jo kinne op it Histoarysk Festival Súdwest seis ûnderskate workshops en/of lêzings troch seis ynlieders bywenje.
| |
Havenseal 1
|
Havenseal 2
|
10.15 uur
|
Ebel Koppen
|
Theo Kuipers
|
| 11.15 uur |
Kommissie Histoarje Antonius Sikehûs
|
Sicco van Albada
|
| 12.00 uur |
Otto Gielstra
|
Siem van der Woude
|
| 13.15 uur |
Theo Kuipers
|
Ebel Koppen
|
| 14.00 uur |
Sicco van Albada
|
Kommissie Histoarje Antonius Sikehûs |
| 15.15 uur |
Siem van der Woude
|
Otto Gielstra
|
Theo Kuipers – Oer Pottjebier en de registraasje fan famyljenammen yn 1811
Poepjes, Piest, Pottebier, Haweniks, Zingzang, profeet van Sijon, it binne samar wat famyljenammen dy't yn 1811 yn Fryslân oannommen binne. Wêrom keas men foar dizze nammen? Hoe wie de registraasje organisearre en waard der troch eltsenien oan meiwurke? Hoe kin it dat der safolle Fryske famyljenammen eindigje op –sma en –stra? Wêrom woene de minsken yn Gaasterlân net oan de registraasje meiwurkje? Op dizze en oare nijsgjirrige fragen hopet Theo Kuipers fan Tresoar in antwurd te jaan yn syn lêzing oer de registraasje fan famyljenammen yn Fryslân.
Siem van der Woude – Wâldseiner skippers yn de Sonttolregisters
De Sonttolregisters hearre by de belangrykste boarnen foar de ekonomyske en maritime skiednis fan Nederlân en Europa. Se wurde bewarre yn it 'Deense Nationaal Archief' yn Kopenhagen.
De registers foarmje de administraasje fan de tol dy’t de kening fan Denemarken frege oer de skipfeart troch de Sont. Se binne bewarre bleaun fan de 15e ieu oant 1857 doe’t de tol opheven waard. Siem van der Woude giet yn op de eftergrûn fan de tolregisters yn de Sopnt en fertelt oer it grutte oandiel fan de Republyk yn de skipfeart fan West-Europa en de rol dy Wâldsein der yn spyle. Hy jout ek in earste analyze fan de gegevens oer Wâldseiner skippers yn de Sonttolregisters.
Ebel Koppen – De skiednis fan Snits oan de hân fan argeologyske fynsten
Snits is in âlde Fryske stêd mei in nijsgjirrige skiednis. Fan dy skiednis is noch in protte yn de stêd werom te finen. Ebel Koppen, amateur argeolooch en sekretaris fan de Vereniging Historisch Sneek, nimt jo mei troch dy skiednis. Argeologyske fynsten út de Romeinske tiid, de Karolingyske tiid, de Midsieuwen en de Nije tiid fertelle it ferhaal fan Snits en syn ynwenners.
Sicco van Albada - Wâldseiner Skipfeart foar 1800
Sicco van Albada sammelt al jierren histoaryske gegevens oer skipsbou en skipsbouwers yn Fryslân. Hy hat al hiel wat argiven trocheide en al dwaande in soad gegevens opfandele. Spesjaal foar it Histoarysk Festival Súdwest hat hy syn gegevens oer de Wâldseiner skipfeart op in rychje setten en hâldt hy in lêzing oer wat hy fûn hat oer de perioade foar it jier 1800.
De oanlieding foar Sicco van Albada om mei syn syktocht te begjinnen wie it skriuwen fan in boek oer de werf fan Piersma yn Heech, yn 1998. Doe ûntduts hy dat der mat in hiel lyts bytsje bekend wie oer de Fryske skipsbou. Dat wie it begjin fan in ferslaavjend ûndersyk nei gegevens dy’t tekening bringe kinne in ferneamd stikje Fryske skiednis dêr’t wûnderlik genôch net iens safolle oer bekend is.
Kommisje Histoarje Antonius Sikehûs – 107 jier skiednis fan it Antonius Sikehûs
It (Sint) Antonius Sikehûs yn Snits is iepene op 23 septimber 1903. Dat wie doe mooglik troch in legaat dat eins ornearre wie foar de bou fan in toer by de Roomske tsjerke fan Snits. Ynstee dêrfan waard besluten dat de bou fan in sikehûs in better doel wie. It nut fan in sikehûs wie al jierren ferkundige troch de bekende Snitser húsarts dr. Gerben Nammens Bouma, dy’t der foar syn tiid tige moderne opfettings oer genêskunde op nei hâlde. Yn de 107 jier fan syn bestean hat it sikehûs him ûntwikkele ta in ynstitút foar de hiele Súdwesthoeke (en omkriten).
Fragminten út de skiednis fan it sikehûs – sawol út de perioade fan de nonnen as mear resint - kinne jo hearre tidens in nijsgjirrige lêzing troch frijwilligers fan de kommisje dy’t drok dwaande is de histoarje fan it sikehûs fêst te lizzen.
Otto Gielstra – De Ofslútdyk
De Ofslútdyk leit der no al mear as 70 jier en is in belangrike wetterkearing en ferkearswei. Yn 1927 waard begûn mei de oanlis en fiif jier letter yn 1932 waard de Ofslútdyk iepene. Hjirmei wie in wichtige ferbining tusken Noard-Hollân en Fryslân ûnstien. Mar mei de komst fan dizze dyk wie net eltsenien like bliid. De fiskers dy’t harren brea fertsjinnen mei de fisken út de sâlte Sudersee koene no neat mear jild fertsjinje. Want troch de komst fan de Ofslútdyk waard de Súdsee yn twaen dield; de sâlte Waddensee en de swiete Ysselmar. Dêrom moasten de fiskers oar materiaal oanskaffe en dat wie in djoere skiednis yn dy tiid. Otto Gielstra, de foarsitter fan de Stichting Ald Makkum kin jo mear fertelle oer it foar en tsjin en de besluten dy't nommen binne oer de oanlis fan de Ofslútdyk.